Springe nei ynhâld

Irenaeus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Irenaeus fan Lyon)
Irenaeus

Irenaeus (om-ende-by 130 - 202) wurdt tsjintwurdich beskôge as de earste grutte teolooch, tsjerkfaar en grûnlizzer fan it kristlike tinken. Hy wie biskop fan Lyon yn de 2e iuw en hat mei syn wurk fan grutte betsjutting west foar de iere Kristlike Tsjerke. Mei syn ferlossingsteory hat er it fûnemint lein foar de kristlike teology. Irenaeus stie ek bekend om syn striid tsjin de gnostisy.

Irenaeus is berne yn Smyrna, (Turkije) yn in famylje dy't wierskynlik al kristlik wie. Yn syn jeugd hat er kunde hân oan Polykarpus de biskop of presbyter fan Smyrna, dy't de Apostel Jehannes noch meimakke hie. Wierskynlik bleau Irenaeus oant syn 15e jier yn Smyrna wenjen en ferfear doe mei syn âlden nei Lyon.

Under it regear fan de Romeinske keizer Markus Aurelianus wie der yn 177 in grutte kristenferfolging, dêr't de biskop fan Lyon de marteldea by fûn. Nei de ferfolgings waard Iraneaus as opfolger keazen. Hy soe biskop bliuwe oant syn dea yn 202.

Irenaeus hat in syn tiid in produktyf skriuwer west. Hy is benammen bekend wurden troch syn boek 'Adversus haereses', mar hy hat ferskate oare wurken skreaun. Dy wurken binne ús foaral oerlevere yn in oantal tekstfragminten.

Adversus haereses

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Adversus haereses (tsjin de ketters) hat Irenaeus in soad krityk op de gnostisy, dy't neffens him in ketterske streaming yn 'e tsjerke wienen. Oars as Irenaeus leauden de gnostisy dat de minske yn syn djipste wêzen ien is mei it godlike. Sy seagen de ferlossing út de "boaze" wrâld benammen as it bewust wurden fan dy ienheid mei God. By harren stie de Godserfaring sintraal. Mei dy opfetting wie Irenaeus it folslein ûniens. Hy skriuwt yn syn wurk dat de ferlossing krekt it wurk west hat fan Jezus Kristus en dat syn dea en opstanning de wei iepene hat nei it ivige libben.

Irenaeus hat de earste belidenis fan it leauwen op skrift steld. Syn belidenis liket wol wat op it apostolicum, dat tsjintwurdich lêzen en leard wurdt yn de measte tsjerkegenoatskippen. Neffens Irenaeus wie God in goede Skepper dy't in goede wrâld makke hat, mar dat de harmony dy't der earder wie troch de minsken troch de sûndefal fersteurd waard. Jezus Kristus, lang om let, is de ienige echte Ferlosser. En de minske kin allinnich folslein ferlost wurde troch it leauwen yn it minskwurden fan de Soan fan God.

Demonstratio apostolicae veritatis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demonstratio apostolicae veritatis, (oer it kristlik ûnderrjocht) is in koart skrift fan Irenaeus, dêr't de ynhâld fan oerienkomt mei syn gruttere wurk tsjin de gnostisy en dat foaral fan pas kaam by godstsjinstlessen. It skrift is foaral basearre op de bibel.

  • Eginhard Meijering, Irenaues grondlegger van het Christelijk denken, Hilversum, 2001.